Bleate fuotten

Ynkringend giet de doarbel, ik rop: ‘Ik kom ‘r oan!’ ‘It iten is betiid hjoed’, betink ik my. Senuweftich sykje ik om myn skuon. In frjemde gewoante miskyn, mar ik rin altyd op bleate fuotten yn hûs. Dan bin ik mysels want ik bin thús. De doarbel hâldt oan. Wer bin dy ferhipte skuon ek … Read more

Fuotbal

Nederlân tsjin Argentinië. Fuotbal… It is sa fier. Ik kin my der net drok om meitsje, mar dochs wurd ik mei sleept troch it entûsjasme fan myn meibewenners. De betsjinning fan it fersoargingshûs wol ek wol earder nei hûs, foaral om Lionel Messi, dy ferneamde fuotballer, te sjen. Sa giet Michiel ek nei hûs want … Read more

Taxi

De telefoan giet en in stim ropt lûd: ‘Trekt u vast de jas aan, de taxi komt eraan. Maakt u zich gereed.’ ‘No, ik stean al in hiel skoft gereed.’ mompelje ik. De man bringt my swijend nei Aldeboarn. Hy is wurch tink ik want de hiele rit komt er gjin wurd út syn mûle. … Read more

Nachtpon

Ik kom noch efkes om in bakje kofje, hear.” “Da’s goed,” sis ik, “mar ik ha de nachtpon al oan.” “Dat jout neat, ik ha mem wol faker sa sjoen.” seit er. Nei in smout petear giet er wer fuort. Efkes letter giet de telefoan; “Mem, ik ha de kaai lizze litten en no kin … Read more

>