Kreatyf

“Wol mem ek twa grutte houten bakken hawwe?” freget er. Hy is syn balkon oan it oprêdden. En sa as it altyd giet komt er wat oer en tefolle is by ùs achterhûs. Ik moat sizze; it is myn eigen skuld. Ik kin neat foart dwaan. Wat foar brot it ek is, ik sjoch er wat … Read more

Wêrom sjen (1)

“Kin mem ek in pear dagen komme?” freget er. “Hoe sa?” sis ik. “Nò, d’r moat safolle barre. De baairomte moat ferve en de tùn moat nedich dien wurde. En twa kinne mear dan ien.” “Nò, dan moat dat mar.“ sis ik en skow myn eigen plannen opside. En sa sit ik in pear oeren letter yn de trein. … Read more

Anke

“Hoe vind je het?” freget se. Yn grutte spanning sjocht se my oan. Anke hat ùs soan skildere. Se hat yn Amsterdam in oplieding folge, spesjaal yn portretskilderjen. Trouwens, se is fan àlle merken thùs. Set har foar de piano en elke genre spilet se. In jier as wat allyn ha ik har kinnen leard. … Read more

Ûnwennigens (2)

Der oerfalt my somstiden in gefoel fan ûnwennigens. Hawwe jimme dat ek wolris? It is in gefoel dat jo net omskriuwe kinne. It is in oare ûnwennigens die ik as bern hie. Ùs mem woe de hannen wol es frij hawwe  en sa moast ik yn de fekânsjes ùtfanhûzje by myn pake en beppe yn … Read more

Beltsjelellers

Mei in ôfgriislik lûd giet de doarbel. Wit hoe faak sis ik tsjin myn man; “Doch es wat oan it lûd fan dat ding.“ Der komt by: wy hawwe beltsjelellers. In stik as wat opslûpende bern skilje te pas en te oanpas oan. En dan is ùs Max net te hâlden want se komme ommers … Read more

Ferfarre

“Ik wol op in flat.” seit se. We steane yn in lange rigele foar de kassa fan in tùnkerij. “Wêrom?” sis ik; “Ha jo je nocht fan de tùn?“ “Ach hearkes… al lang.” seit se; “Mar hy derbûten wol op de grûn wenjen bliuwe.” Ik sjoch in man stean mei trije sekken modder op de pakjedrager. “Hy … Read more

Hûnefleis

“Wat ite wy hjoed?” freget er. “Wit ik noch nèt.” sis ik. ‘Dy man hat it altyd oer iten‘ tink ik by mysels. Ik moat net oan iten tinke op it stuit. Ik hearde op it nijs dat yn ùs gehaktbaltsjes en hamburgers hûnefleis ferwurke wurd. De kadavers wurde yn Spanje troch in bedriuw fermealle en dan … Read more

Rail Away

“Ik wol mei de trein nei Kroatië.” seit myn man. Hy sit nei Rail Away te sjen. Ach, wat ha wy al in soart reizen makke. Mar dan troch de tillevyzje. Hy slacht gjin ien ùtstjûring oer. Dan is it wer Frankryk, dan wer Grienlân en sa it hiele kontinint oer. “Ja,” sis ik; “regelje it mar.” … Read more

Liturgysk

As Meniste gemeente ha wy liturgen. In jier as wat ferlyn fûn ùs foargonger dat er liturgen komme moasten. Hy fûn de tsjinsten tefolle in One Man Show wurden, de minsken moasten ek aktyf mei dwaan. Sûnt dy tiid binne der nei in degelike oplieding lêzers kaam. Mei in ploechje minsken binne wy in dei nei Utert … Read more

Ferjierret

“Goeie en oant sjen, hè!” De lêste fan de besite giet de doar ùt. We hawwe it wer hân foar in jier. Ik skop de skuon ùt en sigje op in stoel del. Myn man is al yn dreamenlân. Ik sjoch it hear en fear es oer en tink; “Werom is er net ien op … Read more

>