Makeover

“Silst jûn optrede?” freget myn man. Hy sjocht my oan en fynt my der fremd ùt sjen. Ik krij dizze wike der wer in jier by. En derom moat er wat barre mei myn uterlik fyn ik sels. As it nò komt troch it kâlde waar as troch myn kondysje mar it hat fêst syn … Read more

De bedoarne

Ik stean by de kassa fan in gruthannel. De rinnende bân stiet grot fol en kin hast net foar ùt komme. “Der koe wol ien jierdei wêze.” seit de kassiere. “Ja,” sis ik; “flak foar de peaske. Tref ik dat eefkes.“ “Hoe âld wurde jo?” seit se frijmoedich; “Jo lykje in goeie sechtiger.” seit se … Read more

Kin it as kin it nèt

“Kin it as kin it nèt?” freegje ik myn soan. Ik ha in stikje makke oer in goedkunde. Mar faaks bin ik yn twastriid: is it werkenber foar dy persoan. En de lju sizze “dit giet wis oer  Gurbe as Griet.” Minsken ha my yn de besnijing, dat is altyd al sa west. Hja boeie … Read more

Skriuwerij

“Wolsto yn ùs tsjerkeblêd skriuwe?” freget it frommeske; “Ien kear yn de moanne wurd it ùtjûn. En no ha wy tocht as redaksje der moat ek es wat deistiche teltsjes yn.“ “Jo oerfalle my hjir mei.” sis ik. “Tink er mar es oernei.” giet se fierder; “Mar we wolle it wol rillegau witte.” “Moast dwaan,” seit myn man; … Read more

Oanpassingsvermogen

“Mem moat in iPad ha.” seit myn soan. Ik hie krekt in mobyltsje oanskaft fan de Anbo. Ien mei ferljocht skerm en grutte sifers. En as hy ôfgong krigen jo hast in beroerte. Nei in hiel skoft bestudearjen want alles is yn in fremde taal. Hie ik it einlik troch. En no moat ik in iPad … Read more

Dan komt de maitiid

Dan komt de maitiid, maitiid yn it lân.Dan laket alles, alles ùs sa oanDe moaie maitiid mei syn blauwe loft,is foar minsken en foar blom grif it moaiste skoft,is foar minsken en foar blom grif it moaiste skoft. Ik sit plat op`t gat op ‘e grûn en sjong sa lûd as it kin oer de … Read more

Tipelwurk

“Hoe fynst it stean?” freget se hem en draait mei de holle hin en wer. Ik sit by de optisien en ha my mar del jûn. Dit kin wol es lang duorje. Wa giet no op sneontemiddei nei san winkel ta? Ik foeterje op my sels ik hie better witte moatten. Ik ha mei de man … Read more

Loslitte

Chavez, de ferstoane president fan Venezuela, sil balseme wurde. Sa kin hy foar ivich by syn folk bliuwe. “Ga je even mee?” seit myn buorfrou. Troch dat wy beide de hûnen ùtlitte fertelt se my dat se einlik in bestemming hat foar de jiske fan har ferstoane soan. Se hat op internet in ferneamde glêsblazer untdekke. En sa … Read more

Selsbehâld

“Hast ek in rollater yn de oanbieding?” freegje ik Bouke. Nei de tsjinst sitte wy neist elkoar te kofje drinken. Hy sit yn de rommelmerkkommisje fan ùs tsjerke. “Dy hast sto noch net nedich wol?” Hy sjocht my es op en del oan. “Nò,” sis ik; “ik wurd in dei âlder en dan ha ik him … Read more

Parkearperikels

“Nò moat it net gekker wurde,” seit myn freondin; “ik ha in boete krige fan njoggentich euro. En der boppe op noch sân euro fyftich foar de administraasje.“ Ferûngelyke sjocht se de kring rûn. We hawwe wer es in jierdei te fieren, sa dwaande in protte oanrin.   Sûnt begjin jannewaris binne alle strjitten om … Read more

>