Rêchsekje ♥ Dat is ús Stientsje ♥

Us Stientsje hat in ‘rêchsekje’ sa as min dat hjoed-de-dei neame.

Nei dat ús Max troch âlderdom ferstoar hawwe wy, omdat wy net sûnder bist kinne, in kat út it asyl helle. As jo der ien kear west hawwe, dan krije jo dat byld fan dy hûnen en katten net mear kwyt. Se wolle allegearre mei en gûle en roppe omraak troch inoar hinne.

Mar ien kat ferstoppe har, sy tocht fansels ‘dit wurdt wer neat’.

Ik sei tsjin myn soan; ‘Dy moatte wy hawwe. Sy hat it liuwen yn it minske al ferlern.’ En sa kaam Stientsje yn ús libben, in swart-wite strjittekat.

Har gefoelens bestiene allinnich mar út eangst en mistrouwen. Mar do wy it ferhaal fan har jeugd hearden koene wy de eangst fan har wol yntinke. Yn fyf jier tiid hie sy al fjouwer eigeners hân, troch skiedingen wie sy oer en tefolle wurden.

We hawwe har meinaam nei it âldereinhûs, en wûnder boppe wûnder wie sy de earste dy har hjir thús fielde. Op it smelle balkon is hja wer lokkich wurden. Hûnen en katten dy útlitten wurde sjocht se deis oan har each foarby gean, we hawwe beide ús libben wer oppakt.

Wy binne no beide tefreden en lokkich en beprate dingen dy foar ús belangryk binne. De hier is wer omheech, it kattefleis is wer djoerder wurden en sa oerlizze wy wat ús yn it deistich libben dwaande hâldt.

Sy en ik ha frede krigen mei de lju op ús gong, wat is no moaier om sa âld te wurden?

En it rêchsekje drage wy no om ‘e beurt… 

Read more

>