Rouadvertinsje

“Hast it al lèzen?” freget in freondinne my. “Och hearkes,” sis ik; “is dat sa?“ Ik lès altiid de rouadvertinsjes yn de Ljouwerter en krekt nò net. It is in fremde wisânsje. Ùs mem dy dat ek altiid en dan waard it breedùt bepraat. As bern fûn ik dat sa fremd! En nò doch ik … Read more

Steuring

“Wolsto efkes op ùs bank sjen? Ik wol witte wat er opstiet.” seit myn man. Nei dat hy minder sicht krigen hat bin ik oan it yn-ter-net-ban-kie-ren (..). Nei in perioade fan staazje rinnen mocht ik it oer nimme. Yn it earst fûn ik it spannend en eang. Mar ek wie myn ego oansprutsen: wat … Read more

Ferlittenens

“Wêrom moat elkenien mei fekânsje?” sei ùs mem altiid. Se hie in glandige hekel oan de simmerfekânsjes.  Se fielde har dan allinnich en ferlitten. En dan wie sy ek noch yn de bouwfak jierdei. Elk jier wer moasten wy as bern rekken hâlde hoe wy de fekânsjes yndiele moasten. Wiken foarôf begong se der al … Read more

Kammeraten

“Oant sneontemiddei, hear!” ropt hy my nei. Wol fiifentweintich jier binne wy befreone. Hy, in Fryske boeresoan fan it plattelân, en de oare in undernimmende jongfeint ùt Amsterdam. Sy kamen mekoar tsjin yn de trein en it klikte foart en daliks tusken dy twa. Drege tiid wie it yn it begjin; in dûmny mei in freon … Read more

Etikette

Tsjin oer my sit in jong famke mei har freon. Neist my sit in âlder spantsje. Sy is fegetarier, har man dudlik nèt. Myn freondinne fiert har jierdei mei freonen en sibben mei in grutte breatafel. Foarôf koene wy mei elkoar yn ‘e kunde komme mei in drankje en in hapke. Efkes letter sitte wy … Read more

Harkspul

It is lèt wurden. Letter dan se tocht hie. Ùs mem glûpt yn it tsjuster de trep op nei boppen. Spoekbenaud krûpt se achter de rech fan ùs heit dy al oeren leit te sliepen. Ùs mem hâld fan harkspullen. Yn en nei de oarloch hearde se nei Paul Vlaanderen, syn frou Ina en de butler Charlie … Read more

Snoeie

“Moat it noch kealer?” ropt myn man. Ik bin oan it snoeien. Wy hawwe  noch al wat beamguod om  hûs hinne. Ik ha merkbiten dat de gemeente elk seizoen oan it snoeien is. “Dat kin ik it ek.” tocht ik. En sa dwaande bin ik mei in grutte skjirre -libbensgefaarlik- oan ‘e gong. Ik bin … Read more

Diamant

“Mei ik wat sinten fan dy liene?” freegje ik myn broer. Doe wy lyts wiene wie ik de ienige dy it altiid krap hie. En bûsjild sa as de bern hjoed de dei krije wie der eartiids net by. Myn âlste broer fersjinne al en sa swaande skode hy my wol es wat ta. Myn … Read more

Unferskilligens

“Ha jo ek in noflike sportbeha foar my?” freegje ik it winkelfrommeske. Hja is oan it stofsûgerjen. Ik herhelje myn fraach noch in kear. Hja sjocht my oan en seit; “Sjoch mar om jo hinne.” en giet fjirder mei har wurk. Ik gean fuort en gean nei in oare linzjerysaak en stel de selde fraach. … Read more

Memmedei

“Ik skilje efkes want it is hjoed Memmedei.” seit ùs soan. “Dat is moai fan dy dat sto der oan tocht hast.” sis ik. Myn man wie sakeman en moast der neat fan hawwe. It wie handich opset troch de middenstân fûn hy. Op it moed fan de minsken ynspylje… dat fûn hy mar neat. … Read more

>