Mankelyk

‘‘It is ien maaie west, hear!” ropt de buorman. “Makkest propaganda foar de SP?” ropt in oaren ien. Hja libje allegearre mei. Ik ha ùs tùnstek fjûr read ferve. Jimme ha wol fan my heard dat de skuttingen grien wurden binne, tink ik.  It resultaat fûn ik noch al mankelyk. En krekt dy dei wie … Read more

Dowen

Dèr sit hy dei en nacht te brieden. “Wannear soe hy frette?“, freegje ik my ôf. Ùs soan hat in flat op de fyftsjinde ferdjpping. Mei in prachtich ùtsicht mar hy hat krekt as de oare bewenners lèst fan dowen. Hja dogge der fan alles oan. De iene hat netten oer it balkon en in … Read more

Online

Geachte heer/mevrouw, uw nieuwe factuur  staat online.   “Wêrom kry ik de rekkening net gewoan troch de brievebus?“, freegje ik my sels ôf. Mar hawar, it is de tiid tink ik mar. De banken, de belesting, de streamleveransier; sy wolle allegearre online. Ekonomysk besjoen skeelt dat in ein, fansels en it giet allegearre om de … Read more

Momint fan Lok

Ik sit yn de tùn. It is deastil om my hinne. De minsken yn myn omjouwing binne der op ùt. Ik bin allinne. De fûgels hawwe it alderheislikste drok. De âlders fan it jonge guod fleane har de fearren ùt it gat: it is spitsoere. Mar alles giet mei uterste sekuerens. As mem blokfink mei in … Read more

Flagje

“Wist sto wer`t de flagge mei stok is?” freegje ik myn man. Twa kear yn it jier giet de flagge ùt.  Mei befrijingsdei  en as de buorren sa lang troud binne in kear faker. Mar yn ùs omjouwing wurd mear skieden dan trouwd dus sa faak hoech ik net by de gevel op. Einlik fyn … Read more

Pintekening

De telefoan giet. In mannestim freget as it goed is dat hy lâns komt. It komt my foar dat ik it lûd kin mar ken him net thus bringe. In skofke letter stiet in grutte, foarse jonge man foar de doar. En daalks werken ik de buorjonge fan eartiids. Hy wie like âld as ùs … Read more

Hiersferheging

Tusken de folders fan seksy ûnderguod, wenningynrjochting en tùnaksesoires leit in brief fan de wenningstichting. It skeelde amper as hy hie yn de papiercontainer sitten. Achternei besjoen hie dat better west mar ja, dan hiene wy dochs wer in nije krige want dy lju binne stânfest. Hiersferheging melt de brief. Dat sil wol moatte want … Read more

Keninginnedei

Keninginnedei  30 april 1960. Ùs âlste soan is berne. Folgens de hûsdokter soe hy op 5 meie it libbensljocht sjen. It waard Keninginnedei. Mei in lokwinsk fan Keninginne Juliana (wie nèt altiid sa)  in dûbel feest, fansels. Hy sels fûn der letter neat oan want alle oandacht gong nei de festiviteiten. De jierdei begong iere betiid … Read more

Moetings

“Buurvrouw, ziet u ook iets aan mij?” freget in buorman dy in eintsje fjirderop wennet. Ik sjoch neat oan him mar in komplimint is noait wei. “Wat sjoche jo der goed ùt!” sis ik. “Ja,” seit er; “ik heb een nieuw leven gekregen.” “Hoe sa?“, freegje ik. “Een week geleden heb ik zes nieuwe omleidingen … Read more

Wiet

“Mem moat wol oppasse, hear!” seit myn soan. “Werom?“, sis ik; “Ik gean de doar net út.“  “It kin wol es stoarm rinne, aanst…“, giet er fjirder. “Hoe sa?” freegje ik. “Nò, sat it nò liket ferkeapet mem wiet.” “Hâld dochs op.“ Ik ha it stek krekt ferve en as warskôging stiet er ‘WIET’ op. … Read more

>