Mei oare eagen

Ik sit by de optisien foar in grutte spegel my sels te besjen. Nò, dèr wurd jo fansels net flearich fan dus dat doch dan ek nèt. Mar somtiden kin min der net underùt; ik moat in oare bril ha. Ik seach de lytse letterkes net goed mear. En dan kin min raar it skip [Lês mear »]

Trystens

Ha jimme juster ek foar de telefysje sitten en nei de troanrede heard? Ik hie al gau myn nocht en koe de trystiche taspraak fan de keninginne net lang oan hearre. Dèr oerhinne kamen de menisters en de minsken dy der ferstân fan hiene oan it wurd. En as jo hun leauwe moatte dan komme de [Lês mear »]

Moai Gaasterlân

De famkes fan Contact binne op reis west. Ien kear yn`t jier gean hja mei elkoar op stap. Nei dat wy ùs om healwei tsjienen by de tsjerke fersamle ha, gean wy op wei. Fyftsjin froulju yn fjouwer auto`s. It doel is Gaasterlân en Staveren. De earste kofjestop wie yn Aldemardum, spitich wie it net terraswaar [Lês mear »]

Skoalreiske

Foart nei de oarloch, ik sil san tsjien jier west ha, hie ik myn earste skoalreiske.En wol mei de fèwein fan Louw Visser. De wein waard skrobbe en twa lange banken waarden lâns de kanten set. Der koenen dan de skoalbern op klimme en sa troch in kier nei bûten sjen. En de feilichheidsfoarskriften, der [Lês mear »]

Bedoarn

“Mem, hat dy jonge bedoarn“, sizze syn bruorren . Hoe faak  ha ik dat net hearre moatten ? It giet oer hun jongste broer. Dy woe faaks nèt omtlyk. Doe hy in puber wie hiene wy gau ris de hannen fol oan him. Hy wie oars as syn broers. Hoe lyts hy ek wie, hy [Lês mear »]

Nifelder

“Past it dat ik efkes om in bakje kofje kom?“, freechje ik myn soan.  In jier al wat allyn hawwe hy en syn broer elk in flatsje kocht yn it selde kompleks. De wenten wiene tige fertutearze en waarden spotgoedkeap ferkocht. Tsjin de âldste soan seine wy: “Soe sto dat wol dwaan?” , wittende dat hy [Lês mear »]

Ùtlitte

Healwei kom ik myn buorfrou tsjin. Hja ferteld dat se mei man en bern nei Curaçao west is. It hele jier wurd dèr foar sparre want de femyljebânnen binne hiel hecht. Se hat my al es korrizjearre want ik  hie it oer Suriname mar dat hie ik mis: it wie Curaçao en dat is hiel [Lês mear »]

Komme

Op myn fraach wannear sy fan plan binne te kommen, seit hy wat kitelich: “Mar wy binne dochs krèkt west!”  Ja jonge, dat is ek sa: it tsjit my ynienen wer yn`t sin. In pear wike allyn kamen sy unferwachts thùs mei twa hûnen dy hja ùt Portugal adopteare hiene. Mei ùs eigen twa hûnen [Lês mear »]

De tsien dingen

Wy hawwe yn ùs gemeente in ploechje liturgen. Dat wol sizze: om syn beurt lèze wy sneins gedielten ùt de bibel der`t de  foargonger in oertinking oer hawwe sil. In jier as wat allyn binne wy der mei ùt ein set. Ûnder lieding fan in logopedist moasten wy leare om starich en dùdlik te praten. [Lês mear »]

Witte jimme noch wol?

Wy sitte by elkoar as broers en susters. Dat dogge  wy regelmjittich. En dan komt it petear fansels oer eartiids. Dat komt troch de omjouwing. Myn broer wennet yn de âld molkfebryk fan Âldeboarn. Hja hawwe it gebou hielendâl ôfbrutsen en der apparteminten fan makke. Allinne it direkteurshûs is bestean bleun en renovearre. It binne prachtige [Lês mear »]

>