Wiete fuotten

Ik kom fan bed en bin yn ien klap klear wekker. Myn man hie my al warskouwe; Ollie hat it fan nacht net droech hâlden. Mei dat ik fan de trep ôf op de grûn stap, stean ik op in dweil-troch-wiete flier. Myn earste betinken wie: ‘Dit hat Ollie nèt dien. Dit is fan swierder kaliber….” [Lês mear »]

Rommelmerk

Ik stean mei in pear froulju midden yn in ôfgryslike bult klean. Ien kear yn`t jier ha wy rommelmerke fan de opbringst giet in part fan nei in goed doel en in part nei ùs tsjerke. It hiele jier troch wurd er troch in stik as wat manlju oanwurke. As er minsken ferhuzje as dea geane [Lês mear »]

Kar meitsje

Der leit hy yn syn koer, ùs Ollie. Hy is siik en hy hoastset him stikken. Wy binne al wiken mei him oan it dokterjen. Hy hat focht achter longen en hert. Ik wit wol: hy is sechtjsin jier wurden mar as jo fan it bist hâlde dan wolle jo him sa lang mooglik yn [Lês mear »]

Hûs te keap

“Wat staan hier een huizen te koop…“, seit it jonge frommeske. Ik bin ûnderweis nei myn broer. Mei in hiele grutte Connexxionbus komme wy oan yn in lyts doarpke. In âldere frou, in studinte en ik. Op de opmerksumens fan it frommeske seit de frou: “Mijn huis staat al twee jaar te koop.” Hja fertelde dat [Lês mear »]

De Sparrebeam

“Kin fan dy beam ek wat tûken ôf?” ropt myn achterbuorman; “… wy ha san rommel fan dy nuddels op it terras!“ Hy komt der mei op in sear stè want ik bin -o sa- wiis mei dy beam. Dû wy hjir jierren allyn kamen te wenjen stie hy der al. It is in pronkje [Lês mear »]

Utféart

Foar de doar stean in man en in frou kreas yn it pak. Op myn fraach wert ik mei helpe kin seit de man; “Denkt U wel eens aan uw uitvaart?”  “No nè“, siz ik; “en nò al hielendal net, ik bin oan it itensiden.“ “Bent u  wel verzekerd in geval dat?” “Wat bedoele jo [Lês mear »]

Gehoarapparaat

“Wist sto ek wer `t myn gehoarapparaat is?“, freget myn man. “Nè”, sis ik: “ik ha him er nèt yn.” Hy begrypt myn humor net en giet fjirder mei sykjen. Hy hat ûnder de dûs west en dan leit hy dat ding oeral del. Ik sit efter de kompjûter en hear mar heal wat hy [Lês mear »]

Rotondetsjerke

De Terbantstertsjerke -bekender as de Rotondetsjerke– is de ienichste  underweis tsjerke fan Fryslân. Yn Nederlân binne der tsjien fan. Eltse snein wurde der koarte tsjinsten hâlden fan in healûre. Bedoelt foar minsken dy ûnderweis binne en efkes ùtpùste wolle. Nei dat de diken omlein binne by it Hearrenfean wurde de tsjinsten it meast besocht troch [Lês mear »]

Respekt

“Hawwe jimme bern noch respekt foar jimme?” frege hja. Wy sitte tegearre kofje te drinken.We kinne mekoar al jierren en sa komt it petear as fansels op de bern. Har dochters binne like âld  as  ùs soanen. Op har fraach oer respekt moat ik oer nei tinke. It is in direkte fraach en dat freget [Lês mear »]

Krysant

Ik stean yn in supermerke foar de toanbank en sis tsjin it famke; “Ik wol graach wat ôfrekkenje.” Hja sjocht my fremd oan want ik ha neat yn myn hannen. “Wat woene jo betelje?“,freget hja. “Ik ha juster in pot Krysanten mei naam en net ôfrekkenne..“, sis ik. Ik fiel my oplitten. De minsken efter [Lês mear »]

>