Swier waar

Midden yn de nacht stiet ùs heit by it bed: “Jimme moatte der ôf komme..“, seit er; “..it wurd swier waar.” Sliep dronken stroffelje wy fan bed heal yn ‘e sûs. We moatte ùs oanklaaie en by de tafel sitten gean. De iene tongerbuie folget op de oare. De bliksem set de keamer yn in  [Lês mear »]

Yn it ferline

Dèr rinne wy dan, myn soan en ik, oer it tsjerkhôf fan Âldeboarn. Hy mei de kamera yn oanslag. Nei in besiikje fan in dierbere gean wy nei it grèf fan myn âlden. We rinne altiid it selde rûntsje. En dan moat ik fertelle fan dy minsken dy `t ea libbe ha. Nammen sizze him [Lês mear »]

Op it droege

Dû ik in jong famke wie rûnen myn suster en ik gauris nei pake en beppe ta. Fan Âldeboarn nei de twadde warrebrège wie in fiks ein. Mar boatsjende en sjongende wei wiene wy der samar. Ùs pake en beppe wennen yn in arke. Op in goeie dei kaam myn beppe fan bed ôf en [Lês mear »]

Yn dy nacht

Yn dy nacht fan 25 Juni 2009 stoar hommels de ferneamde popsjonger Michael Jackson. Fans, kranten, televyzjesinders en aktualitytenrubryken alles gong oer dizze geniale sawol aparte sjonger. Neffens myn gefoel naam it ekstreme foarmen oan. De hiele wrald rouwe as wie it neiste famylje. Ûndanks syn ferneamens stoar hy yn iensumheid. Yn dy selde nacht [Lês mear »]

High Tea

Der sitte wy dan mei in ploechje froulje op it terras oan de Vegelingswei, efkes bûten de Jouwer. Wy binne yn in krûden- en plantentùn en sille oan ‘e  ‘High Tea‘. Dat wol sizze; tee priuwe fan ferskate soarten planten, blommen en krûden. Sa as sitroenmelisse, krûzemint en lavendel. We krye taartsjes makke fan ierdbeien [Lês mear »]

Sparje

Wy steane yn in telefoanwinkel. It is drok, de minsken kinne net ùt de rie komme. De iene klant nei de oare komt mei fragen  der `t ik neat fan begryp. De technykmatearje giet my fier boppe de pet. Ik wit wol; dat is in mankemint fan my. As ik sa de minsken praten hear, [Lês mear »]

Hagepreek

Mei in grutte ploech minsken sitte wy yn de boskjes fan Yntema te Nijskoat. It is Pinkster en by ùtstek geskikt waar foar dizze gearkomst. Troch de ieuwen hinne binne de menisten tamtearre en ferfolge om hja leauwen en sa ûntstienen de skûltsjerken en de hagepreken earne yn it fjild. En elts jier wer hâlde [Lês mear »]

Op kursus: fuortsetting

It is al wer in pear dagen allyn dat ik mei it frommeske fan de bouwferieniging skille oer de wetterkraan. Ik hie neat mear heard dat ik tocht, ik sil es ynfermearje as de leadjitter al ùt stùdearre  is… Nei dat ik it nûmer drukt hie seit de elektronyske  stim:  “Nr. 1 is foar is [Lês mear »]

Op kursus

“Mevrouw, de  man die U moet hebben is op cursus.” Ik skilje mei it kantoar fan ùs bouwferieniging. Ik wol graach in kraan bûtendoar ha en wol witte as sy in leadjitter beskikber hawwe. Nei dat ik ferline jier myn pols brutsen ha, seit myn pols as ik de swiere jitter  ùt de goatstien til,  [Lês mear »]

Bouwe op in dream

Der sitte wy dan op sneintemoarn mei san tachtich man yn it Meniste skûltsjerkje fan Tsjalberd. Yn it ramt fan de festiviteiten rûn it jubileumjier fan de Menisten is der in tsjinst mei grut koar ùt Zwolle. It thema fan de tsjinst is “Bouwe op in dream.” Foargonger Henk Klein Nagelvoort leit ùs ùt dat [Lês mear »]

>