Cesar Millan

Yn de grutte Heineken Music Hall yn Amsterdam sitte wol twatûzend minsken mei spanning te wachtsjen op de grutte Cesar Millan, de hûneflùsterer. Onder it publyk sit ek myn freondinne mei har dochter. Beide binne hja gek fan hûnen. Einlings ha se kaartsjes krye kinnen om dizze foarstelling by te wenjen. It wie al trye [Lês mear »]

Nije knibbel

Myn man is wer thùs en wol mei in nije knibbel. Bliid as in bern dat hy wer thùs is, der giet neat boppe jin eigen omkriten. Dochs is hy goed te sprekken oer sikenhûs en personiel. De susters binne leaf en wolle alles wol foar de pasjint dwaan. Dochs hie hy it faaks mei [Lês mear »]

Memmedei

Moarn -acht Meie- is it wer Memmedei. Al wiken is de media dwaande om ùs op in emoosjenele wize te bewurkjen. Op ferskate manieren wurd ùs onder de noas wreaun dat wy foaral Memmedei net ferjitte moatte. Op in psychologyske en ùtdoktere wize wurre wy bewurke om dochs mar fan alles te keapjen.  En as [Lês mear »]

Markol

Ja hear, myn Markol hat jongen. Nò ja, ‘myn’… dat is oerdreun fansels. Al wiken rin ik mei Max lâns in nest Markols. Yn bewûndering stean ik fan in ôfstân te sjen, sa keunstich as it makke is ferstoppe tusken it reid. Ik hie mei it wyfke te kryen, se siet der mar: dei yn, [Lês mear »]

Strikken

Mids yn de lèste wrâldoarloch hippelje twa lytse famkes nei skoalle ta. Op hun holle stean grutte oranje strikken rjucht oerein. Mem hie se sa stevich yn it hier dien dat hja liken wol sjineeskes; de eagen stienen bryk yn ‘e holle. Se hiene de opdracht krige: ùt noch yn mocht  ien oan de strikken [Lês mear »]

Oranje-Bitter

Keninginnedei is foar ùs in bysûndere dei. Net allinne in feestdei omdat Keninginne Juliana eartiids jierdei wie mar ùs âlste soan waard berne op har jierdei. Tritich April njochentjen hûnderd en sechstich waard hy berne. Wy krygen doe ek noch in felisitaasje fan Hare Majesteit wat jilde foar alle bern dy `t op dy datum [Lês mear »]

Peaske

Earne op strjitte yn in grutte stèd waarden jonge minsken interviewt. Der waard frege wat Peaske  foar hja betsjutte. Fiifensantich prosint fan de jongerein tusken tolve en achtentweintich jier wist it net. In part sei;  “Peaske is foar de meubelboulevards en de tùnsintra.” In jong stel sei; “Wy komme ùt België en wy ha der noch [Lês mear »]

Sliepeleazens

Hawwe jimme dat ek wol es dat je midden yn ‘e nacht wekker wurre en net wer sliepe kinne? Ik doch myn ùterste best en gean fan de iene side op de oare. Alles wat er hjoed bard is giet as in film oan myn eagen foarby. It slagget my net om de bylden dy [Lês mear »]

Sjouke de Zee| 1867-1954

Op de grutte souder fan “Woudlust” leit in jonkje fan amper acht jier plat op ‘t liif te lèzen. Hy hat in tsjok boek foar him lizzen. Mei koperen heaken en hoekstikken yn in âld learen bân. It is de Fryske steatebibel mei prachtige printen yn Goatysk skrift. Sa jong as hy is wit hy [Lês mear »]

>