Facebook/Twitter

In soan sei tsjin syn mem: “Wat ha ik in freonen. Ik ha noch nea sa folle hân…“ “Wer binne dy dan?“, freget syn mem. “Op Facebook en Twitter“, seit ‘r. “Kinst sto dy dan en wisto dan wa dat binne?“ “Ja, we twitterje alle dagen.“ “Mar,” seit de mem, “hast se wol es sjoen [Lês mear »]

Dûbeldekker

Mei ùs fergees-reizgjen-kaartsje sitte myn freon en ik earsteklas noflik ûnderùt yn in dûbbeldekker trein. Wy sille nei Amsterdam nei de tentoanstelling titele “Gedoopt” oer de Meniste skiednis. Se hawwe der noch al wat buorkundicheid oan jûn, sadwaande binne wy hjoed opstap. Yn Wolvegea sitte wy al oan in brochje, spitich dat der gjin kofje lâns [Lês mear »]

Banken

Ik sit te bankieren op it internet. Wat klinkt dat goed, net? In pear jier allyn sei myn man: “Do moast it mar fan my oer nimme, it wurd my te dreech.” Nò, dat wie net sa bèst fansels. Wat wist ik der nò fan?  Ik bin noch fan de generaasje loket. Jimme witte it [Lês mear »]

“Prettig Weekend…”

Ik stean yn in lange rige wachtsjende minsken foar de kassa fan in grutte supermerk. It is woansdeitemoarn. Ik tocht, ik moat der mar betiid  by wèze dan is er noch gjin mins. Mar ik ha my fersint: sa ha mear minsken tocht. Fannemoarn ha se de tiid, it sjit net op. Ferskate memmen ha [Lês mear »]

Fysio

“Samar bin ik blyn wurren”, seit de kreaze jongeman tsjin ùs. “Ik stie  mei myn maat heech op in ljedder in hûs te skilderjen. En ynienen seech ik neat mear. En nò sit ik hjirre en bin folslein ôfhinklik wurren.” Wy sitte by Fysio yn de wachtkeamer. Myn man sjocht min en sa dwaande binne [Lês mear »]

Diskriminaasje

“Dat wurd letter neat mei dy…“, seit de man foar my. Ik sit tsjin oer in strange, hurde man. Hy is de haadmaster fan de kristelike skoalle ùt myn doarp. Mei grutte  ferwitende eagen sjocht er my oan. It giet oer it lèste rapport; ik moat nei in ferfolch oplieding. Ik sjoch him tinken mei [Lês mear »]

Brutsen

Ja minsken: ik bin brutsen. Wy hawwe in flinke tùn. Wa moat dy ûnderhâlde? Ik fansels. Myn man in bèste fint hear mar hy hat gjin weet fan tùntsjen. Wy hawwe jierren allyn in tûnman hân. ‘Pake Huver’ seine ùs bern. Wat in weelde wie dat. Hy wie in ùtsanearre boer fan fiif en sechstich [Lês mear »]

De Papierman

Midden yn it sintrum fan it doarp stiet it ferkear stil. It sit muorrefest. Myn broer hâld de hiele boel op, hy is de papierman fan it doarp. Mei syn fiets en in ôfladen oanhinger stremt hy it hiele trochgeande ferkear. Jierren allyn doe der in hiel soart fraach wie nei âld papier is hy [Lês mear »]

Oanpasse

Dû ik yn it houliksboatsje stapte sei de omjouwing:”Do moast dy oanpasse.” “Oanpasse?” tocht ik; “Wat is dat? Moat ik nò in oaren ien wurre?” Ik hie der gjin benul fan wa ik dan wèze moast. Hja betsjutten wat yn de maatskippy en op it sosjale med hiene hja wat yn te bringen. Dus ik die [Lês mear »]

Poèzy- Poesje- album

“Moast es lâns komme”, sei myn broer; “ik ha in ferrassing foar dy.” Meer woe hy net sizze. Ik nijskjirrich fansels. Al ridlik gau nei dit petear fertelde hy dat it haad fan de Basisskoalle ùt myn doarp op besite west hie. By it opromjen fan de souder fan de skoalle wiene er twa poèzy- [Lês mear »]

>