Leger des Heils

De wite slûffe fan it Leger des Heils leit wer op de doarmatte. Se fine dat ik myn kleankast opromje moat. Eltse maitiid sette se my wer foar it blok. Ik ha wat mei it leger. Se doche sa safolle goeds foar minsken dy it minder ha as ik, dat ik my altiid skuldich fiel. [Lês mear »]

Kreakers

Wat kin it sneintemoans betiid stil om jo hinne wèze. Net in mins op ‘e dyk. De iene helt fan Fryslân sliept ùt en de oare helt giet nei`t tsjerke. Nò sa krekt wit ik it ek net fansels, miskien lizze de getâllen wol oars. Dan yn ienen yn dy noflike stillens wur ik steurt [Lês mear »]

In bliid minskebern

We hawwe besite hân fan in freon dy wy al hjirren kinne. Altiid gesellich, we hawwe hiel wat te bepraten. Mar it praat wurd dreger. Hoe langer hy bliuwt, hoe swieder it  petear wurd. It giet oer hoe dreech de âlde minsken it tsjintwurrich ha. Oer de fersjennings foar âlderen en hoe djûr as alles [Lês mear »]

De Bân

Der sitte wy dan mei sân man om de tafel. Ien kear yn ‘e moanne binne wy  drok dwaande mei it tsjerkeblèdsje. It is klearebarre frijwilligerswurk. Dizze minsken binne dan ek allegearre yn de ‘fut’. De iene is oan it nietsjen en de oaren binne oan it tearen. It is in bûnt selsskip fan froulje [Lês mear »]

De au pair

Al wer jierren allyn gong in famke ùt Fryslân as aupair nei Ingelân. Sy woe net allinne de taal leare mar ek selsstannich wurde. Sy hie de grutte leafde fûn mar troch stânsferskil en wize fan leauwen (wie dû sa) woe sy wis wèze dat it allegearre wol de muoite wurdich wie. Fia kunde kaam [Lês mear »]

Revyzje

Yn in sealtsje fan it sikehûs sitte wy oan ‘e kofje mei keek. In ploechje minsken sawol froulju as manlju sitte om ‘e tafel. We binne hjirre op in foarljochtings middei oer knibbeloperaasjes.  In aerdich jong ‘ding’ jowt tekst en ùtliz. Sy sjocht er trouwens net nei ùt dat sy al oan kunstknibbels ta is… [Lês mear »]

Wrâld-Frouljusdei 8-3-2011

Oer de hiele wrâld fiere wy hjoed frouljusdei. Nò ja… de hiele wrâld? Wie dat mar wier. It giet om emansipaasje om gelikense rjuchten foar man en frou. Om mar ticht by hûs te bliuwen; noch net sa folle jirren ferlyn woe myn freondinne in hûs keapje. Sy frege ferskate makelders as hja wat gaadliks [Lês mear »]

Wrâld-Frouljusdei 8-3-2011

Oer de hiele wrâld fiere wy hjoed frouljusdei. Nò ja… de hiele wrâld? Wie dat mar wier. It giet om emansipaasje om gelikense rjuchten foar man en frou. Om mar ticht by hûs te bliuwen; noch net sa folle jirren ferlyn woe myn freondinne in hûs keapje. Sy frege ferskate makelders as hja wat gaadliks [Lês mear »]

Grientesnijer

“Giest mei nei de Hûs en Tùn Beurs yn Ljouwert?” freget myn freondinne. Sy wennet op in pleatske en is altiid yn foar nije ideeën. Mei ùs eigen fjouwerkante meterkes grûn ha ik net safolle yn de bry te rieren dochs gean ik mei. Amper rûmte te finen foar ùs auto komme wy by it [Lês mear »]

Paraglider | twa

“Ik bin wer thùs hear!” ropt in stim yn ‘e gong. Mei in grutte klap hearre wy hoe hy tweintich kilo begage op de grûn falle lit. Ùs “paraglider ” is wer thùs. “Nò  je, hoe wie it? Hast it nei`t sin hân en is alles goed gong?” freegje wy.  “Jow my earst mar in [Lês mear »]

>