Hightea

Wert ik al benauwd foar wie is fannewike bard; de omkriten fan de tafels binne yn ‘It Fermidden’ grutte rûmtes wurden. Der meie no mar twa man om in tafel sitte en oardel meter der tusken. No, dan witte jimme it wol, tink? De lju binne âld en hurdhearich, der wurdt hiel wat ôfroppen en … Read more

Ferdraachsemens

Wij binne wer foar in part yn it âldereinhûs beheind, net sa as mei de earste coronagolf want dat wie frjemd foar elkenien, mar mei dizze golf is it oars. Elke dei lizze der wer oare berjochten yn de brievebus en elke dei moatte wy ùs wer oan oare, nije rigels hâlde. It is krekt … Read more

Spannende tiden

Der stiet hja yn ‘It Fermidden’ (de grutte seal), it is kofjetiid. In slank eptich frommeske, se is de direktrise fan dit âldereinhûs. En ás sy komt, dan is er wat te rêden. Eltsenien dy dat noch kin, giet rjochtop sitten. ‘Wa is sy?, wurdt er flústere, ‘Kinst sto har?’ ‘In nije bewenner, seit er ien. … Read more

Werom- en foarùtsjen

Min wol hjir graach witte hoe de minsken de Corona-tiid troch kaam binne. En derom hawwe se in gearkomste belein yn it tehûs want praat efternei hat net ien wat oan. En sa sitte wy op in moarn oardel meter fan elkoar ôf yn de seal. Kofje en koeke is er genoch want foar de geselligheid … Read more

Min moat dochs sjonge kinne?

We meie no ek net mear sjonge.” seit se mei in tryst gesicht. “Wat bedoele jo?” freegje ik. Ik moat er noch efkes ynkomme, de moarn is noch ier. We sitte yn de grutte seal kofje te drinken, op paste wize in eintsje fan elkoar ôf. En omdat it grutste part hurdhearrich is falt de kommunikaasje op … Read more

>