Pacemakers

” Jo hert rint te stadich”, seit de hertspesjalist tsjin myn broer. “Jo moatte in pacemaker ha, dat kin tsjintwurch..” en sa dat barde it. Nei kontrôle sei de arts: “It jout neat, we sille jo in oare jaan dy sterker is. We jouwe jo de allernijste pacemaker dy krekt ùt Amerika kaam is. As [Lês mear »]

Steateferkiezings

Woansdeis 2 maart is it wer safier; dan meie wy wer in kar utbringe foar ùs provinsje. Wa moat ik nò stimme? Binne jimme der al ùt? Wy hawwe in kandidadenlist list krige dat der net omliicht. Ùt tretsjen partyen kinne wy in kar meitsje en ik kin der net ien fan. Se ha allegearre [Lês mear »]

1.1.2.

Ik nim rislewaasjes om op bed te gean. It hat in lange dei west en ik ha myn nocht. Max, ùs hûn, giet al foar my ùt en jowt him noflik del yn syn grutte stoel. Myn man is in nachtbraker en wol perfoarst Pauw en Witteman sjen. Ik jow my del en lèz in [Lês mear »]

Presintsje

“Ik ha in kadootsje foar mem..” seit myn soan. “Dat is moai” siz ik; “foar presintsjes bin ik altiid yn.” “Ik ha in webside foar mem. Dan kin mem har ferhaaltsjes kwyt en dat is moai foar it neiteam.” Nò, neiteam ha wy noch net en wat moat in oar mei myn ferhaaltsjes? Ik ha [Lês mear »]

Jierdei

“Sille wy moarn in dei foart?” freget myn man. It wie namlik syn jierdei en miskien ha jimme dat fest ek wol; wy sjogge altiid tsjin dy drokte oan. Earst moat je fan alles yn`e hûs slepe. En wat moat je ynslaan? Ien persoan is gehielûnthâlder, in oare hâld allinne fan reade wyn en wer [Lês mear »]

Earmhûs

Fan ôf it skoalplein seagen wy ùt op in earmhûs. Op in bank foar it hûs siten altiid prûmkjende âlde mantsjes en in handikapte jonge. Waar as gjin waar, sy siten bûten jier yn jier ùt. Sa ùs ferteld waart moast it hûs skjin bliuwe. De jonge wie in wees mar waart by de âlde [Lês mear »]

Nei mem ta

“Ik wol nei mem ta”, seit de man en hy lûkt en skoart oan de kruk fan de doar. Myn suster en ik binne op besite yn in ferpleechhûs foar deminte alderen. In pear jier allyn waart ùs mem opnaam, se koe har net mear allinne rêde. Ùt har sels wie sy in humorist, altiid [Lês mear »]

Paraglider I

“Deit, mem… ik gean foart, hear.“ Der stiet er foar my mij mei wol tweintich kilo bagaazje op ‘e rech. Nei in dikke tùt en in krûpke stapt hy op.  Ik sjoch him nei, stadich  rûngear  ûnder de swiere fracht rint er mei de holle foardel. Syn hobby is Paragliding -gjin frysk wurd-. Mei in [Lês mear »]

Paraglider I

“Deit, mem… ik gean foart, hear.“ Der stiet er foar my mij mei wol tweintich kilo bagaazje op ‘e rech. Nei in dikke tùt en in krûpke stapt hy op.  Ik sjoch him nei, stadich  rûngear  ûnder de swiere fracht rint er mei de holle foardel. Syn hobby is Paragliding -gjin frysk wurd-. Mei in [Lês mear »]

Prelude

It is wer sneintemoarn. De muzyk fan radio Fryslân galmet troch de keamer. Fan acht oan`t njoggen oere is er eltse sneintemoarn ‘Prelude’ -in yntertsjerkelik geastelik musyk programma- ûnder lieding fan Rein Tolsma. It is in fersyk programma wer`t minsken oeral wei hun sibben en freonen lokwinskje kinne. Sa wol mei in lied as in [Lês mear »]

>