Myn berte doarp

Ik kom ùt in doarpke fan skriuwers,  dichters en mei ferskate muzikale ynwenners. Der wie in grut koor mar ek in fanfarekorps. En op hichte dagen lieten se troch ùtfieringen hearre wat se koenen, it wie in sosjaal barren . Der wie ek in kabaretploechje, der wie ik by fansels. Ik koe net sjonge en [Lês mear »]

Myn winkel | trije

Beste minsken, ik ha jimme ûnthjitten dat ik noch ris werom komme soe  mei de skiednis fan myn winkel. Twa keer is er ynbrutsen. Se hiene in rùtsje by de doar ynslein. Wat my opfoel tusken de rafaazje fan klean, glès en wat net al, misten wy by de broeken allinne maat 38. Dus it [Lês mear »]

Sinteklaasjûn

Jûn is it wer Sinteklaasfeest. Yn myn tinzen gean ik werom nei de sinteklaasjûnen fan myn jeugd. Dan praat ik oer de jierren fan de foarige ieuw dû ik noch in bern wie. In pear wike foar dy tiid wiene wy as bern al tige nyskjirrich wat wy krye soenen. As ùs mem efkes de [Lês mear »]

Flaamske Gaai

It is noch betiid op ‘e moarn. Mei slûge eagen sjoch ik nei bûten. De snie en froast komme my temjitte. Nei dat ik de nediche kofje hân ha en noch ris nei bûten sjoch, bin ik ferwûndere oer it moaie winterbyld. Ik ha noch nea san fûgels by elkoar sjoen. Koalmezen, mosken, roeken, eksters [Lês mear »]

Gehoarapparaat

Gehoarapparaten: nèt best as je der mei te kryen ha. Myn man hat ek san ding. It lytste apparaatsje waar oanskaft, want min mocht fansels  net sjen dat hy staf wie. Op syn âlde dei is hy ek noch idel, dat mei fansels oant op sekere hichte dan. Mar dan komt it, it is san [Lês mear »]

Gehoarapparaat

Gehoarapparaten: nèt best as je der mei te kryen ha. Myn man hat ek san ding. It lytste apparaatsje waar oanskaft, want min mocht fansels  net sjen dat hy staf wie. Op syn âlde dei is hy ek noch idel, dat mei fansels oant op sekere hichte dan. Mar dan komt it, it is san [Lês mear »]

Waarme dûs

Sjogge jimme wol ris nei it programma “Radar“? Nò,  ik ha  in waarme dûs oanfrege foar de “Gamma“. It sit sa;  ik hie koart allyn in maleurdei. San dei wer`t alles bryk giet, jimme kinne dat ek wol, tink! Myn waskmasine, tsien jier âld, joech de geast en sei “Doch it sels mar; myn taak [Lês mear »]

Myn winkel | twa

Ik ha jimme tasein dat ik noch wat fertelle soe oer de hjirren fan ‘myn winkel‘  As min yn in winkel stiet, mar foarâl as it in ienmansbedriuw is, dan binne klanten gau thùs mei je. En as it dan “klikt” dan wurre minsken iepen en betrouwe jin persoanlike saken ta. En dat wie by [Lês mear »]

Min waar

Beste minsken, It is freedtemoarn , ik sit konfertabel achter myn burotsje foar de P.C. Radio Fryslân seit op de eftergrûn dat it striemin  waar wurd. De ferwaarming stiet heech, ik besef my dat dit in lokkich momint is, sa kry je nò ynspiraasje om stikjes te skriuwen , Mar jammer genoch it momint fan [Lês mear »]

In wonder

Takomst. Hoe sil it wèze op ùs planeet mei sis mar fyftich jier? Hoe stiet it dan mei `t libben Fan in mins, in plant, in dier? Hoe komt it mei de klimaatferoaring en driigjend kriichsgeweld En bin`wy feilich as de iiskap Oan de Noard en Sûdpoal smelt? Hoe komt it mei de rassehaat? De [Lês mear »]

>