Tidenhawwetiden’s tiidline

Iensumens (hoecht net)
Iensumens (hoecht net)

Wer geane jo hinne mei de feestdagen?‘, wurdt my noch wolris frege, hjir yn dit âlde minsken gebou. Foar elkenien is it och sa wichtich, want de measte lju wenje allinnich. Somtiden hear ik de iensumens der yn troch klinken. Se binne bliid foar de bern dat dy it sa…
Read More

In earm om my hinne Da’s genôch.
In earm om my hinne Da’s genôch.

In earm om my hinne, mear hoecht net. In presintsje mei sinterklaas hoecht net. In sûkeladeletter komt altyd fan pas, mar it hoecht net. In pakje ferpakke yn in fleurich stikje papier, mei in grut kleurich lint er om hoecht net. In earm om my hinne kost neat mar giet…
Read More

‘Dat wurdt neat’
‘Dat wurdt neat’

D at wurdt neat’, sei Dokter Snijder, do hy him oer it ombouwe widske bûgde. It wie in bôllekoer fan Bakker Kooistra west.   Hy beseach it bleke, skrale popke es en gong hastich de doar út; ‘Mar faaks rêdt hja har wol,’ sei hy tsjin ús mem, ‘se hat…
Read More

Tik
Tik

Ik ha in ‘tik’ dy elkenien by him sels ek goed werkenne sil. Bewust as ûnbewust, wy hawwe sûnder it miskien te beseffen, allegearre in tik. Ik ha ek in frjemde tik wer ik myn libben lang al lest fan ha: it ynterieur, sis mar de ynrjochting fan de wenkeamer,…
Read More

Grutsk mei, fansels 'Mar binne se ek lokkich?’
Grutsk mei, fansels 'Mar binne se ek lokkich?’

Ik ha op famylje besite west. It wie gesellich, der lei it net oan. Kofje en tee mei wat lekkers er by, ek der wie neat mis mei. En dochs ûntbruts er wat oan. It petear bleaun oan de opperflakkige kant. Jimme kinne dat tink ik ek wol: d’r wurdt…
Read More

Plysje oan ‘e doar! Wyksum en tsjinstber oan'e kofje
Plysje oan ‘e doar! Wyksum en tsjinstber oan'e kofje

Op in jûn ûnder it nijs giet de doar belle. Ik bin al yn de nacht klean, dat is myn gewoante, dan fiel ik my noflik. Der kin dochs net mear ien komme om dizze tiid, tink ik dan. Mar dizze jûn rûn oars, it wie noch net sa…
Read More

En no is hy ferstoarn
En no is hy ferstoarn

Fan in hele leave neef hie ik in presintsje krige. Hiel orizjineel, in abonnemint op de bekendste krante fan Fryslân. ‘Do hâldst fan krantlêzen,’ sei hy altyd. Koartlyn is hy ferstoarn en ik mis him. Somtiden kin min in persoan misse dy net sa nei by jo stiet en dochs…
Read More

It lêste eintsje
It lêste eintsje

Huzen wurde leech helle en oare hûzen wurde wer oan kleit. Sa giet it eltse wike, hjirre yn dit tehûs. Bewenners komme en gean. Hja hawwe har eigen hûs ferkocht en hja wer op ‘e nij ta wenjen set yn in âldereinhûs. Faaks mei in protte tsjinsin en fertriet want…
Read More

Fertriet
Fertriet

Stientsje –ùs kat– is fane wize. Se is net harsels. Se is net de âlde Stientsje. Us buorman is fane wike stoarn.. Salang wy hjirre wenne ha, wiene sy grutte freonen. Se rûn, oer de rânen fan it balkon, alle dagen nei de buorman ta. Se kaam net yn’e hûs…
Read More

Wilsferklearring
Wilsferklearring

Wat wol mem no?’ freget de soan, en hy wiist op in papier wat al dagen útdaagjend prominint op ‘e tafel leit. It is in wilsferklearring dy ik ynfolje moat, en der skiet ik no al dagen tsjin oan. De doktersassistinte hat him brocht en dy moat ik no ynfolje. Mar…
Read More

Kringloop
Kringloop

‘it bankje’   Giet mem efkes mei nei de kringloop?’ freget de soan, ‘Wat wolst ha?’ freegje ik nijsgjirrich, mar ik wit it wol; we binne al in pear kear der op út west en hiel wat keukenstuollen besjoen. Mar hy is krekt en neat is nei it sin. Se…
Read More

In stikje Boarn
In stikje Boarn

“Âlde beammen moatte net to swier snoeid wirde…” Se binne in pear dagen oan it snoeien west. Wol acht man gongen der oer gear. Al it grien moast foart. Ek in rychje Bjirke beammen gongen tsjin de flakte, se hiene wol in pear jier wurk hân om sa grut te…
Read More

It ferskil
It ferskil

Ik sil myn freondinne efkes skilje. Freegje hoe it mei har is. Wy binne like âld en kinne inoar al fan ôf ús trouwen. It wie myn hertsfreondinne troch de jierren hinne. Sy krigen soannen en wy ek. Har man kaam te ferstjerren, en ek ik moast myn man loslitte. Sy en…
Read More

Mei de taksy
Mei de taksy

Binne jo kristen?”, freget de sjauffeur oer syn skouder. Ik bin der net op beret en sykje om in antwurd. Ik bin 0p reis nei myn soan en sit efteryn yn de taksy. Of eigenliks yn in auto mei sjauffeur fan Valys, dy giet wat fierder dan de gewoane taksy.…
Read More

Toskedokter Dat wiene noch ris skoften!
Toskedokter Dat wiene noch ris skoften!

Myn gebit hat nei jierren trouwe tsjinst de moet opjûn. Ik nim it him net kwea-ôf. De iene nei de oare tosk as kies falt út de mûle. As famke fan trêdzjen moast ik al nei de toskedokter. Mar dat wie foar my in feest want de dokter hâlde sitting…
Read More

Werom sjen (2)
Werom sjen (2)

It is wer safier: in nij jier stiet 0p de libbensdoar te klopjen. Ik wol net oan dat stomme gedoch -werom sjen- meidwaan. It jout ús neat, it jier is foarby, jo kinne er ommers neat oan feroarje en it is sûnde fan jo enerzjy. En dochs dogge jo er…
Read More

Bleate fuotten Wat in oaljekoek!
Bleate fuotten Wat in oaljekoek!

Ynkringend giet de doarbel, ik rop: ‘Ik kom ‘r oan!’ ‘It iten is betiid hjoed’, betink ik my. Senuweftich sykje ik om myn skuon. In frjemde gewoante miskyn, mar ik rin altyd op bleate fuotten yn hûs. Dan bin ik mysels want ik bin thús. De doarbel hâldt oan. Wer…
Read More

Fuotbal
Fuotbal

Nederlân tsjin Argentinië. Fuotbal… It is sa fier. Ik kin my der net drok om meitsje, mar dochs wurd ik mei sleept troch it entûsjasme fan myn meibewenners. De betsjinning fan it fersoargingshûs wol ek wol earder nei hûs, foaral om Lionel Messi, dy ferneamde fuotballer, te sjen. Sa giet…
Read More

Taxi
Taxi

De telefoan giet en in stim ropt lûd: ‘Trekt u vast de jas aan, de taxi komt eraan. Maakt u zich gereed.’ ‘No, ik stean al in hiel skoft gereed.’ mompelje ik. De man bringt my swijend nei Aldeboarn. Hy is wurch tink ik want de hiele rit komt er…
Read More

Nachtpon
Nachtpon

Ik kom noch efkes om in bakje kofje, hear.” “Da’s goed,” sis ik, “mar ik ha de nachtpon al oan.” “Dat jout neat, ik ha mem wol faker sa sjoen.” seit er. Nei in smout petear giet er wer fuort. Efkes letter giet de telefoan; “Mem, ik ha de kaai…
Read More

De reade bûsdoek
De reade bûsdoek

Mei in klap komt in rollator op mij ôf, ik kin him noch krekt ûntwike. In man dy ‘t dúdlik muoite hat mei rinnen, lit him neist mij op in stoel falle. “Goeie!” seit er, wylds er siket om syn reade bûsdoek, “As jo jo rollator der no es wei helje,…
Read More

Bubbels
Bubbels

Krigest ek besite mei de krystdagen?” freegje ik  myn freondinne. “Ja,” seit se, “we meie no wer fjouwer minsken op besite hawwe. Mar it wie in hiel gedoch; wa sil ik freegje? Hja binne my allegearre even dierber. En dan noch binne er by myn soan twa bern bij kaam,…
Read More

Oprjochte skamte
Oprjochte skamte

Ik bin yn de war. Der komt safolle op my ôf, myn harsens kin it hast net mear byinoar feie. Min is oeral opstannich en moat him uterje. Alles moat yn gruzeleminten; bushokjes, etalages, oare minsken, en alles wat min fjirder noch tsjinkomt op jin paad. ‘It is dochs…
Read More

‘Verstaat u mij?’
‘Verstaat u mij?’

Verstaat u mij?” freget de grutte, rizige man neist my. Yn it âlderein hûs weard ik wenje hawwe wy sa no en dan in foarlês middei. Dy wurdt dan fersoarge troch de ynwenners sels, de gearkomsten wurde goed besocht. Al hoe wol de gelûdsapparatuer wol es wat te winsken oer…
Read More

Mem
Mem

Ha ik it goed dien as mem?’ frege ik de soan op in rêstich momint. Normaal freegit min dat net oan de bern, mar dochs woe ik dat wol es witte. Op sommige mominten twivelje ik wol es oan mysels. Ik ha altyd myn best dien, mar it hong faaks fan…
Read More